S. wurdt tongersdei foarlaat

19 nov 2012 - 18:51
  • Haadoffisier fan justysje Annet Bronsvoort

De 45-jierrige fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra sit yn alle beheinings en wurdt tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De man is moandei foar it earst heard en der is ûndersyk dien yn syn hûs. Justysje wol net sizze oft de man syn belutsenheid by de saak bekend of ûntkend hat yn de earste ferhearen.

Haadoffisier Annet Bronsvoort sei op de parsekonfersinsje dat der fan no ôf kwalik noch meidielings dien wurde salang't it ûndersyk rint. Foarop stiet foar har it strafrjochtlik ûndersyk ta in goed ein te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)