Plysje: sfear streek rêstich

19 nov 2012 - 18:36
  • Ynwenners fan Aldwâld yn petear oer de oanhâlding yn de saak-Vaatstra

Korpssjef Nathalie Kramers neamt op de parsekonferinsje oer de saak Vaatstra de sfear yn Noardeast- Fryslân 'rustig en ingetogen'. Der binne gjin sinjalen dat de oanhâlding ta spanningen yn de streek liedt. De wykagint fan Aldwâld hâldt de stimming yn de gaten en de plysje is ek skerp op uterings dy't op de sosjale media dien wurde.

Tiisdei binne der twa ynformaasjegearkomsten: ien yn Aldwâld en ien yn De Westereen. Ynwenners kinne dêr mei fragen en emoasjes telâne. Yn Aldwâld begjint de jûn om 19.00 oere, dy yn De Westereen om 20.45 oere.

It wenhûs fan de fertochte en de wei dêr't de fertochte oan wennet, binne foarearst ôfsletten troch de plysje. Hoelang't wente en strjitte ôfsluten bliuwe, beslút de plysje tiisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)