'2e kontrôle DNA is posityf'

By de twadde kontrôle troch it Nederlands Forensisch Instituut komt it DNA fan de 45-jierrige fertochte út Aldwâld ek oerien mei dat dat op it lichem fan de fermoarde Marianne Vaatstra fûn is. Dat hat offisier fan justysje Annette Bronsvoort moandei op de parsekonferinsje oer de saak yn Drachten bekend makke.
Jasper S. út Aldwâld waard sneintejûn oanhâlden yn syn wenning neidat it DNA dat er sels ôfstien hat nei foaren kaam yn it grutskalige DNA-ferwantskipsûndersyk ûnder de manlike befolking fan de streek.
Foar dit earste grutskalige ûndersyk fan Nederlân hawwe sa'n 8000 manlju út Feankleaster en omkriten frijwillich DNA-materiaal ôfstien. Bronsvoort ferklearre dat sy yn it belang fan it ûndersyk gjin fierdere bysûnderheden jaan woe oer de persoan fan de fertochte. Njonken de fertochte hawwe ek noch sa'n tritich famyljeleden fan him oan it DNA-ferwantskipsûndersyk meidien.