Fertochte earder ûndersocht

19 nov 2012 - 15:56
  • Hûs fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra ôfset
  • Aldwâld

De fertochte dy't oanhâlden is yn de saak-Vaatstra is in pear jier ferlyn troch in psychiater ûndersocht. Hy moast foarkomme, omdat er yn in auto fan in oar oan it joyriden west hie yn 'e buert fan Aldwâld. Neffens de psychiater wie der sprake fan in dissosiative stoarnis. Dat betsjut hannelings útfiere sûnder besef te hawwen of sicht op de gefolgen.

De rjochter joech de Aldwâldster yn 2009 in boete fan 750 euro. Sels sei de fertochte doe dat er net wit wêrom't er de auto stellen hat. "Dit past niet bij mij", sei er tsjin de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)