Omtinken skoalle saak-Vaatstra

19 nov 2012 - 15:24

Op de iepenbiere Van Heemstraskoalle yn Aldwâld is moandeitemoarn ekstra omtinken jûn oan de saak-Vaatstra fanwege de oanhâlding fan in doarpsgenoat. It komt foar guon bern wol hiel tichtby, sa wurdt sein. De bern koene fragen stelle. Se binne ek frege wat sy derfan fine. Guon bern kenne de fertochte wol. Opfallend wie dat tusken de middei mear bern as oars ophelle waarden troch de âlden.

Der is ek noch in kristlike skoalle yn Aldwâld. Dy hjit De Tarissing en hat mediastilte oer de saak-Vaatstra.

Trefwurden: 
Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)