Doarpsbelang Aldwâld is skokt

19 nov 2012 - 11:48

Doarpsbelang Aldwâld is skokt dat de oanhâlden fertochte yn de saak-Vaatstra in doarpsgenoat is. "Ik bin skokt. Eltsenien yn it doarp ken dizze man en syn húshâlding", seit foarsitter Sjoerd Hoekstra fan Doarpsbelang Aldwâld.

Hoekstra fynt it wol moai dat de saak-Vaatstra no mooglik oplost wurdt. Hoekstra sil moandeitemiddei oerlizze mei boargemaster Bilker fan Kollumerlân om te sjen oft der ek wat regele wurde moat foar de ynwenners fan Aldwâld. Doarpsbelang en gemeente wolle earst ôfwachtsje wat de parsekonferinsje opsmyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)