Fertochte is 'rêstige boer'

19 nov 2012 - 11:39

De 45-jierrige fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra wurdt omskreaun as in rêstige man. De feehâlder wie in soad op it lân en net folle belutsen by inisjativen yn it doarp. Neffens foarsitter Sjoerd Hoekstra fan Pleatslik Belang moat it doarp syn bêst dwaan om de famylje fan de fertochte yn de mienskip te hâlden en sa foar te kommen dat se yn in sosjaal isolemint komme. De fertochte en syn húshâlding stean goed bekend yn it doarp.

De fertochte Jasper S. hat sels DNA ôfstien, seit Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne.

Trefwurden: 
Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)