Ekstra Hjoed op alle oeren

19 nov 2012 - 11:25

Op Omrop Fryslân Televyzje is moandeitemiddei fan 12.00 oere ôf op alle hiele oeren in ekstra útstjoering fan it sjoernaal Hjoed te sjen. Dêryn wurde de nijste ûntwikkelings yn de saak-Vaatstra beljochte.

Sneintejûn is in 45-jierrige boer út Aldwâld as fertochte oanhâlden. De man sit fêst op it plysjeburo yn Ljouwert. As der mear ynformaasje oer ekstra DNA-ûndersyk is, jout it Iepenbier Ministearje in parsekonferinsje. Dat sil moandeitejûn om seis oere wêze.

Trefwurden: 
Hjoed Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)