DNA is trochbraak, gjin bewiis

It finen fan DNA-materiaal mei in 100% match is in wichtige trochbraak yn it ûndersyk nei de moard fan Marianne Vaatstra, mar gjin definityf bewiis. Dat seit dosint life science technology Erik de Groot fan de hegeskoallen Van Hall en NHL.
Yn teory is it mooglik dat DNA-materiaal fan de fertochte op it plak fan it misdriuw fûn is, sûnder dat de fertochte der sels west hat. Fierder plysje-ûndersyk sil oantoane moatte dat de fertochte ek yndie op it plak fan it misdriuw west hat, sa seit De Groot.
De Groot fynt it in 'moai súkses' foar plysje en justysje dat der al sa gau in 100% match fûn is, want dan hoege je net fierder te sykjen. De kâns dat der op de wrâld in twadde man omrint mei eksakt itselde DNA-profyl neamt De Groot 'sa goed as útsletten'. De Groot ferwachtet dêrom dat plysje en justysje it ynstrumint DNA-ferwantskipsûndersyk faker ynsette sille.