Truck mei betondielen omkypt

19 nov 2012 - 09:56

Op de N381 fan Drachten nei Easterwâlde is moandeitemoarn by Oerterp in frachtwein mei betonnen stoeprânen kantele. In grut diel fan lading kaam op de dyk telâne.

It ferkear tusken Drachten en Easterwâlde moat rekken hâlde mei opûnthâld. It opromjen fan de ravaazje sil de hiele moarn duorje. It ferkear moat oer it fiadukt omride. De sjauffeur kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)