Hûs ôfset, flaggen Westereen

19 nov 2012 - 09:47

De plysje hâldt de strjitte yn Aldwâld dêr't de fertochte yn 'e saak-Vaatstra wennet, goed yn de gaten. De boerepleats is ôfset mei linten. De resjerzje docht dêr ûndersyk. De 45-jierrige man waard sneintejûn oanhâlden.

Ynwenners fan De Westereen en omjouwing hawwe de flagge útstutsen út bliidskip oer de oanhâlding fan de fertochte. Automobilisten ride toeterjend oer de dyken en oeral stean groepkes minsken. Foarsitter Jan Wagenaar fan Doarpsbelang reagearret mei blidens.

Trefwurden: 
De Westereen Aldwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)