Boargemaster is ferromme

19 nov 2012 - 08:53

Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel is ferromme no't der in mooglike dieder oanhâlden is foar de moard op Marianne Vaatstra. In 45-jierrige man út Aldwâld is de fertochte. De Westereen, dêr't Marianne Vaatstra wenne, leit yn Aalberts syn gebiet en Aldwâld yn de buorgemeente Kollumerlân.

De arrestaasje betsjut dat de grutte ynset út de omjouwing om manmachtich mei te dwaan oan it DNA-ferwantskipsûndersyk beleanne wurdt, sei Aalberts. Hy tinkt dat de rêst dêrmei noch net werom is yn 'e gemeente.

Aalberts wol no de ynformaasje fan it IM earst op in rychje sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)