Heit Vaatstra: It moat 'm wêze

19 nov 2012 - 07:03

Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne Vaatstra, hat ferromme mar ek ferslein reagearre op it nijs dat der in fertochte oanholden is foar de moard. Sneintejûn ha twa fertsjintwurdigers fan it Iepenbier Ministearje by de famylje west. Bauke Vaatstra sei op Omrop Fryslân Radio: 'It moat 'm wêze.' En oer hoe't hy reagearre by it hearren fan it nijs: 'De grûn sakket ûnder jo wei.'

De fertochte is in 45-jierrige man út Aldwâld. Ut it DNA-ûndersyk soe in 100% match kommen wêze.

Bauke Vaatstra sei yn reaksje dat hy de fertochte sels net ken, mar syn bern kenne de man wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)