Galge foar gemeentehûs It Bilt

18 nov 2012 - 15:51
  • Gemeente It Bildt
  • De strop foar it gemeentehûs

Byldzjend keunstner Ron Schaft fan Sint Anne hat sneintemiddei in selsmakke galge pleatst foar it gemeentehûs fan It Bilt. De galge is in protest-aksje fan de keunstner tsjin de plannen om de gemeente It Bilt te weryndielen mei Harns, Menameradiel en Frjentsjersteradiel.

Neffens Schaft betsjut de weryndieling de deastek foar de Biltse taal en kultuer. In soad Bilkerts binne neffens him op de weryndieling tsjin, mar de bestjoerders fan It Bilt hâlde dêr neffens de keunstner ûnfoldwaande rekken mei.

Yn in grutte nije gemeente Noardwest-Fryslân komt It Bilt op it fuottenein te lizzen, sa mient Schaft. Hy wol dêrom de gemeente útdaagje om in referindum te hâlden oer it foarnimmen om te fusearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)