Cramer twadde yn Haarlem

Wieteke Cramer, KPN Maraton Cup © awfoto.nl
Wieteke Cramer is sneontejûn twadde wurden by de sechsde KPN Maraton Cup yn Haarlem. Cramer kaam yn de einsprint krekt te koart om Foske Tamar van der Wal fan har twadde oerwinning ôf te hâlden. Maria Sterk fan Hallum waard tredde. Rixt Meijer fan It Hearrenfean is de nije liedster yn it klassemint.
By de manlju wie de winst foar Christijn Groeneveld. Der kaam in fotofinish oan te pas om de BAM-rider as winner oan te wizen foar de Italiaan Fabio Francolini. Arjan Stroetinga bliuwt lieder yn it klassemint.