Satellyt siket om mokselpoep

Mei bylden fan in Amerikaanske legersatellyt wurdt op it stuit socht nei poep fan moksels yn it Waadgebiet. Dizze bysûndere oanpak makket diel út fan it projekt Waddensleutels dêr't natoerorganisaasjes en de Ryksuniversiteit Grins oan meidogge. De mokselpoep dêr't nei speurd wurdt, is tige wichtich foar oar libben yn de Waadsee.
De poep is op satellytbylden goed werom te finen trochdat der in kleurferskil ûntstiet. Dat is dan ek goed om te mokselbanken hinne te sjen. Dat fûgels en oare bistjes it goed dogge op mokselbanken, wie al bekend.
Wat net bekend wie is dat mokselpoep sa'n goeie ynfloed hat op in folle rommer stik Waad om de mokselbanken hinne. It moaie fan de bylden is dat ûndersikers folle minder faak sels it Waad op hoege. Dat is goed omdat je de natoer dan minder fersteure.