Flyers wint mei 3-2 fan Geleen

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha sneontejûn op It Hearrenfean de earste kwartfinale fan de beker mei 3-2 wûn fan Geleen. De Flyers kamen betiid yn de wedstriid mei 0-1 efter, mar sluten de earste perioade ôf mei in 2-1 foarsprong troch treffers fan Alexandr Terjohins en Jerry Pollastrone.
Yn de tredde perioade wreide Kevin Bruijsten de foarsprong fierder út nei 3-1. Mei noch fiif minuten op de klok soarge de oanslutingstreffer fan Geleen foar nije spanning. Fierder as 3-2 lieten de Flyers it lykwols net komme.
Sneintejûn stiet om 19.00 oere yn Geleen de return op it programma, wêryn't de thúsploech mei twa doelpunten ferskil winne moat om troch te gean nei de heale finale fan de beker.