Fjouwermansbob bûten top tsien

Bobslydzjen, twamansbob, Sybren Jansma, Edwin van Calker © Marc van Veen
De fjouwermansbob mei Sybren Jansma fan De Pein, Edwin en Arnold van Calker en Jeroen Piek fan It Hearrenfean is sneon as alfde einige by de twadde wrâldbekerwedstriid yn Park City. Nei de earste run wie it fjouwertal sechsde. De ferskillen wienen lykwols minym yn de top fan it fjild. De start fan de twadde run ferrûn minder, wêrtroch it team in plak yn de top tsien en in Olympyske nominaasje ferspile.
De winst yn Park City gong nei de Rus Alexander Zubkov, dy't ek by de earste wrâldbekerwedstriid yn Lake Placid al de rapste wie.
De bobsliders kinne har no opmeitsje foar de tredde wrâldbekerwedstriid kommend wykein yn it Kanadeeske Whistler.