Nepfjoerwapen yn Frjentsjer

De plysje helle de fertochten út dizze auto
De plysje hat sneontemiddei in hússiking dien by de Frjentsjerter (32), dy't op de A31 oanhâlden wie. By dy hússiking waard in nepfjoerwapen oantroffen. It wapen liket so bot op in echt wapen dat it om dy reden strafber is.
De man wie sneontemiddei mei in man (31) út Oude Pekela oanhâlden fanwege mishanneling sneontemoarn yn Frjentsjer. De twa fertochten hawwe yntusken in earste ferklearring ôflein. It slachtoffer rûn by de mishanneling in harsenskodding en in wûne yn syn earm op.
It slachtoffer hat yntusken ek in earste ferklearring ôflein. De oanlieding foar it skeel moat neffens de plysje yn de relasjonele sfear socht wurde. Fanwege de oanhâlding op de A31 waard de autodyk sneontemiddei koarte tiid ôfsletten foar alle ferkear.