Plysje rôlet himpplantaazje op

18 nov 2012 - 12:31
  • Himp

De plysje hat sneontejûn fjouwer Ljouwerters oanhâlden en tagelyk in himpkwekerij oprôle en stellen guod weromfûn. In tsjûge melde dat er sjoen hie dat twa manlju in fyts stellen hiene op de Tynjedyk yn Ljouwert. Dêrnei giene sy nei in hûs oan de Houtwielenstrjitte. Dêr koe de plysje ien fan de fertochten oanhâlde. Yn it hûs fûn de plysje ek in himpplantaazje mei tritich planten.

Yn in sliepkeamer fûn de plysje twa fertochten yn in kast. Op in oare sliepkeamer stie in fyts mei in slot dat trochseage wie.

De fjirde fertochte waard nei oanwizings fan de oaren op in oar adres oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)