Ek Fryske plysjes soad siik

18 nov 2012 - 10:09

Meiwurkers fan it korps Fryslân fan de plysje besteegje 37% fan harren tiid oan wat oars as needhelp, opspoaring of hanthavening. Dat docht bliken út sifers fan RTL Nieuws. Dat konkludearret op basis fan de oere-registraasje fan alle 26 plysjekorpsen dat lanlik mear as in kwart fan de plysjeminsken net ynsetber is foar plysjewurk. Sy sitte siik thús of binne op kursus.

D66-keamerlid en âld-korpssjef fan Fryslân Magda Berndsen is skrokken fan de sifers. Sy sil der fragen oer stellen oan minister Opstelten fan veiligheid en justitie.

Yn Fryslân giet 18% fan de tiid op oan oplieding, 9% oan fakânsje of frije dagen en 11% oan syktefersom. Fryske plysjes dogge folle mear as it lanlik gemiddelde oan surveillânses en kontrôles, mar ferliene folle minder needhelp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)