ONS bliuwt koprinner nei winst

17 nov 2012 - 16:54
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits pakte sneon in muoisume 3-1 oerwinning op Sparta Nijkerk. Op it Sudersportpark kamen de Snitsers nei in kertier op foarsprong troch in treffer fan Jacob Noordmans. Sparta krige tal fan goede kânsen op de lykmakker. Op slach fan rêst wie it Stefanja Davids dy't de lykmakker op syn namme sette.

Yn de twadde helte namen de Snitsers opnij de foarsprong. Mark de Vries kopte in foarset fan Martijn Roosenburg binnen. Sparta bleau gefaarlik. Mei noch 5 minuten te gean wie it nestor Sandor van der Heide dy't foar de einstân tekene.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)