Boek en game oer Grutte Pier

17 nov 2012 - 15:32

De 16de-ieuske Fryske frijheidsstrider Grutte Pier giet de wrâld yn mei in nij boek en in kompjûterspul. Game-ûntwikkeler Triangle Studios út Ljouwert tinkt dat de ferhalen fan de folksheld in soad minsken oansprekke sille. De game moat noch ôfmakke wurde, mar it boek 'Krús fan de Hollanner' leit fan sneon ôf by de boekhannel.

Njonken it boek is Triangle Studios noch drok dwaande om in distributeur fan it kompjûterspul te finen, want ek dat moat de wrâld oer. It ûntwikkeljen fan it spul hat al tonnen koste.

Der is jierren oan wurke en se ha ek al nei Amearika ta west om kontakt te lizzen mei distribúsjebedriuwen. Der is al wol ynteresse, mar der binne noch gjin konkrete ôfspraken. It kompjûterspul moat begjin takom jier útbrocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)