Trochstart foar Bouman Reklame

17 nov 2012 - 14:26
  • Bouman Reclame yn Ljouwert

It fallyt ferklearre bedriuw Bouman Reklame yn Ljouwert makket in trochstart. It bedriuw is oernaam troch Johan Lautenbag fan Lautenbag Reklame. Omdat it bedriuw genôch opdrachten hat, krigen de meiwurkers tastimming fan de kurator om foarearst troch te gean mei harren wurk.

It is neffens Lautenbag noch net dúdlik oft alle meiwurkers yn tsjinst bliuwe en oft it bedriuw yn itselde gebou bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)