Plysje hâldt manlju oan op A31

17 nov 2012 - 12:54
  • De A31 wie ôfset foar al it ferkear
  • De plysje helle mei lutsen pistoal de minsken út de swarte auto
  • De plysje helle de fertochten út dizze auto

De plysje hat sneon op de A31 tusken Dronryp en Marsum twa manlju oanhâlden. By de oanhâlding is in warskôgingsskot lost. De manlju binne fertochte fan in swiere mishanneling earder op de dei yn de Van der Bildtstrjitte yn Frjentsjer. Doe't de plysje de manlju riden seach op de A31, binne se oan kant set. Om't se net nei de plysje harken en út de auto komme woene, is in warskôgingsskot lost. Dêrnei binne de manlju út de auto helle.

Op it stuit fan de oanhalding wie de A31 fan Dronryp nei Ljouwert ôfsletten foar al it ferkear.

De autodyk is yntusken wer frijjûn. De oarsaak foar de mishanneling yn Frjentsjer moat neffens de plysje yn de 'relasjonele sfear' socht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)