Terpstra: nij Thialf tichteby

17 nov 2012 - 12:45

De komst fan in nij Thialf is in stap tichteby, no't de bedriuwen Friso Bouwgroep, boubedriuw Van Wijnen, yngenieursburo Oranjewoud en Alynia Arsjitekten oanjûn ha it nije iisstadion bouwe te wollen. Dat seit foarsitter Doekle Terpstra fan reedridersbûn KNSB. Op it hjoeddeiske plak moat foar 106 miljoen euro fernijboud wurde. Der komme dan twa 400-meterbanen.

Foar de sporters soe it iisstadion op It Hearrenfean de wedstriidbaan fan de wrâld wurde moatte. De provinsje nimt op 19 desimber in beslút oer de bydrage fan 50 miljoen euro.

De oare 56 miljoen moat komme fan it Ryk en merkpartijen. De KNSB stekt sels gjin jild yn it nije Thialf, mar stelt wol stevige easken oan de nije topsportbaan. Neffens de opposysje yn provinsjale steaten soe de KNSB plakken tsjin inoar útspylje, mar neffens Terpstra is dêr gjin sprake fan. Terpstra neamt dy krityk 'onder de gordel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)