Fytser ferwûne yn Ljouwert

17 nov 2012 - 11:58
  • De minsken fan ferkearsûngelokke-analyze ha it ûngelok ûndersocht

In fytser (21) út Ljouwert is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de krusing fan de Schubertstrjitte en de Beethovenstrjitte. De fytser stuts de Beethovenstrjitte oer en joech dêrby gjin foarrang oan in automobilist (47) út Ljouwert. Dy koe de fytser net ûntwike. De fytser kaam te fallen en is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Plysjeminsken hawwe de direkte omjouwing ôfset mei linten om de spoaren fan it ûngelok te ûndersykjen. Dat ûndersyk waard dien troch de minsken fan ferkearsûngelokken-analyze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)