Brabânske oplichters oanhâlden

17 nov 2012 - 11:40
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat freedtemiddei yn Surhústerfean twa oplichters út Tilburch oanhâlden. De man en frou fan 37 en 43 jier besochten by winkels yn Dokkum en De Westereen stellen guod yn te ruiljen. Meiwurkers fan 'e winkelketen trapen der net yn omdat by it bedriuw al foar de oplichters warskôge wie.

Doe't it duo har slach slaan woe yn Surhústerfean, koe de plysje harren oanhâlde. De auto fan de twa is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)