Ferljochting Eastermar te fel

17 nov 2012 - 11:20
  • Strjiferljochting

Guon bewenners fan Eastermar wolle dat de ferljochting yn de E.M. Beimastrjitte oanpakt wurdt. De ôfrûne tiid binne der nije lantearnepeallen kaam, en dy jouwe folle feller ljocht. Ek binne de peallen in stik heger wêrtroch it ljocht by guon huzen rjocht de sliepkeamers yn skynt. In tal bewenners fan de Beimastrjitte seit dat dit har út de sliep hâldt.

Wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel seit dat de gemeente iepenstiet foar oanpassing fan de peallen. It ljocht yn de peallen kin ek dimme wurde, sa seit de wethâlder.

De gemeente is al yn petear mei de leveransier oer it ôfskermjen fan de lampen dy't ticht by sliepkeamers steane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)