Jild gala nei Sailhûs

Gebou fan De Friesland yn Ljouwert
It benefytgala fan soarchfersekerder De Friesland hat freedtejûn 100.000 euro opsmiten. It jild giet nei in bysûnder wettersportsintrum yn Ealahuzen. Dit Sailhûs komt der foar minsken mei in hendikep. It Sailhûs komt yn it hjoeddeistige Packhuys, dat hielendal ferboud wurdt. It Sailhûs is unyk yn Europa.
It wie de tredde kear dat De Friesland in benefytgala organisearre. Der wiene optredens fan Angela Groothuizen en Iris Kroes en der wie in feiling fan wurk fan keunstners fan Special Arts en Atteljee yn Ljouwert.