Kramer wint krekt fan Bergsma

16 nov 2012 - 20:39

Sven Kramer moast yn de lêste rit op de 5000 meter by de earste wrâldbekerwedstriid djip gean. Mei trije prachtige rappe rûntsjes op it iis fan Thialf gong hy Jorrit Bergsma krekt foarby. Kramer kaam út op 6.16.09.

Jorrit Bergsma wie yn in spannende rit dêrfoar krekt flugger as Jan Blokhuijsen: 6.16.78 om 6.16.81. Ek it fjirde plak wie foar Nederlân. Bob de Jong ried 6.18.31.

Trefwurden: 
Thialf reedriden wrâldbeker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)