Fries wint twa kear toto

16 nov 2012 - 19:26

In man út Tytsjerksteradiel hat foar de twadde kear dit jier de fuotbaltoto wûn. Hy wûn de Toto-13 Jackpot fan goed 50.000 euro. Yn juny fan dit jier wûn er him ek, doe wie it bedrach goed 31.000 euro. Hy die syn weddenskip by de Primera-winkel yn Burgum.

By de Toto-13 moatte dielnimmers fan 13 fuotbalwedstriden foarsizze oft de thússpyljende klup wint, ferliest of lykspilet. Neffens in wurdfierder fan de Toto komt it net faak foar dat ien yn koarte tiid twa kear de jackpot wint. De fuotbalkenner út Tytsjerksteradiel wol anonym bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)