De Jong sânde op 3000 meter

16 nov 2012 - 17:12

Antoinette de Jong fan Rottum is op har earste wrâldbekerwedstriid sânde wurden op de trije kilometer. De 17-jierrige De Jong ried in tiid fan 4.09,68. In nij persoanlik rekôr siet der krekt net yn omdat se op de krusing bot hindere waard troch Jilleanne Rookard fan Amearika. De Jong einige noch foar de griperige Ireen Wüst, dy't achtste waard. As earste kaam de Dútse Stephanie Beckert oer de streek yn in tiid fan 4.04,39.

Ireen Wüst hat letter op de jûn oanjûn dat se dit wykein net mear yn aksje komme sil. Net fit betsjut net ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)