Otter filme yn Alde Feanen

16 nov 2012 - 16:05

De Ljouwerter stichting Otterstation Nederland hat bysûndere bylden fan in otter yn de Alde Feanen op ynternet set. Der binne no twa kear otters yn it nasjonale park útset. Dat sy der sitte, is wol bekend. Mar otters binne lykwols benammen yn it tsjuster aktyf. Dêrom binne se net hiel maklik te filmjen.

It is Tjippe de Jong fan it Otterstation no wol slagge om by deiljocht in aktive otter fêst te lizzen mei in saneamde kameratrap. Dat is kamera dy't troch beweging aktivearre wurdt.

Trefwurden: 
otter Alde Feanen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)