Selstraffen foar GHB-saak

16 nov 2012 - 15:16
  • Justysje

Twa Dokkumers fan 34 en 36 jier binnen feroardiele ta in heal jier sel wêrfan de helte ûnder betingst. Neffens de rjochtbank yn Ljouwert hawwe de twa ferline jier de 21-jierrige Mink Joustra yn de auto sitte litte, wylst it frear en hy help nedich hie. Joustra wie fan 'e kaart om't er GHB brûkt hie.

De rjochtbank sprekt fan in swiere skuld mei slimme gefolgen. Dêrom is in selstraf op syn plak. In wurkstraf lykas twa wike ferlyn easke waard, is neffens de rjochter te licht, om't der ûnwerstelber leed oanrjochte is.

De twa mannen moatte ek noch in skeafergoeding fan 7400 euro betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)