'Oansluting op A7 net feilich'

© Google Street View
De gemeente Achtkarspelen hat grutte soargen oer de provinsjale dyk de N358 tusken Bûtenpost en de A7, better bekend as de Skieding. Neffens de gemeente is de dyk net feilich genôch en kin de trochstreaming fan it ferkear folle better. Der leit in plan fan 'e provinsje om de dyk op te knappen en dizze problemen op te lossen, mar Achtkarspelen hat dêr gjin fertrouwen yn.
Foaral de maatregels foar it súdlike part fan de Skieding, tusken Surhústerfean en de A7, binne net goed genôch. Hjir komt gjin lânboustrook lângs de dyk del, omt der fyftich huzen oan de dyk steane. Dat betsjut dat lânbouferkear op de rydbaan ride moat. Kommissaris Jorritsma hat tasein dat de provinsje mei de gemeente en omwenjenden om tafel sil, om de plannen by te stellen.