Frysk konsortium wol Thialf

16 nov 2012 - 14:30

In konsortium fan Fryske bedriuwen wol de nijbou fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean dwaan. It giet om de Friso Bouwgroep, yngenieursburo Oranjewoud, boubedriuw Van Wijnen en Alynia-arsjitekten. Har ynspiraasje wolle de bedriuwen helje út it iisstadion yn Inzell, dat algemien as moaiste en duorsumste stadion fan de wrâld bekend stiet. Der sil gearwurke wurde mei de arsjitekt dy't belutsen wie by de bou fan Inzell.

Neffens it konsortium sil de bou fan in nij Thialf wurk jaan oan sawat 1000 minsken.

It konsortium docht in berop op de provinsje om by it gunnen fan de bou foar harren te kiezen. Ek âld-kampioenen Anni Friesinger en Ids Postma út Dearsum fine dat Fryslân alles op alles sette moat om de takomst fan Thialf feilich te stellen.

Trefwurden: 
nijbou Thialf reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)