Flekswurkje yn Blokhúspoarte

16 nov 2012 - 14:27

Ljouwert is tsientallen flekswurkplakken op twa lokaasjes riker. Yn De Harmonie en de Blokúspoarte kinne minsken telâne dy't gewoanwei thús wurkje en dy't ferlet hawwe fan kollega's of kreative ideeën fan oaren. Yn de Blokhúspoarte kostje de wurkplakken 15 euro deis. Dêrfoar is der in goei wifi-ferbining foar laptop en smartphone en kinne de wurkers kofje krije.

Yn De Harmonie is de romte fergees, mar moat de kofje wol betelle wurde.
It is dizze wike de wike fan it nije wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)