Bedriuw Intership hâldt op

16 nov 2012 - 14:16
  • De lege hal fan de tydlike opslach Intership
  • Fuotprinten mooglik fan 'e dieder
  • Lege opslach fan Intership

It bestellen wettersportbedriuw Intership yn Snits hâldt dermei op. Foar de twadde kear waard it yn koarte tiid troffen troch stellerij dêr't it bedriuw foar 50.000 euro skea oan hat. In pear wike ferlyn is der ek al guod stellen.

It bedriuw fielt him tsjinwurke troch de gemeente. It stellen guod lei yn in tydlike opslach oan de Westhimstrjitte. It spul wie net fersekere omdat de gemeente gjin fergunning foar de opslach ôfjûn hie.

Neffens de eigener moat mei grut materieel wurke wêze by de dieverij. It giet om racing catamarans, rubberboaten en generatoaren.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)