'Referindum ferkearde middel'

16 nov 2012 - 12:32

De gemeenteried fan Ljouwerteradiel hie better kieze kinnen foar in skriftlike riedplachting oer de takomst fan de gemeente yn stee fan in referindum. Dat fynt fraksjefoarsitter Harm de Kroon fan de PvdA.

Neffens De Kroon soe in skriftlike riedplachting folle earliker wêze. Bewenners binne dan net behindere troch wurk of fakânsje. Yn de gemeenteried kaam gjin stipe foar dat plan, omdat de oare partijen benaud binne dat der maklik stimmen ronsele wurde kinne. Der komt no in referindum op 30 jannewaris.

Ynwenners fan Ljouwerteradiel kinne harren op it referindum útsprekke foar in fúzje mei Ljouwert of foar weryndieling by gemeenten yn 'e regio, lykas Frjentsjerteradiel en Harns.

Trefwurden: 
De Kroon referindum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)