Hearrenfean wol nij Milanello

16 nov 2012 - 12:26

SC Hearrenfean is dwaande mei plannen foar in nij opliedingssintrum by Skoatterwâld. Technysk direkteur Johan Hansma hat dêrfoar yn Portugal sjoen by Sporting Lissabon om ideeën op te dwaan. "We willen de trainingsfasiliteiten optimaliseren, want het is duidelijk dat het op de huidige locatie bij VV Heerenveen passen en meten is", sa seit Hansma.

De gemeente Hearrenfean is op de hichte fan de plannen fan de sportklup. "Der is amtlik al wol oer praat, mar it leit offisjeel noch net by my op tafel", sa seit wethâlder Lykele Buwalda.

It plan past yn 'e filosofy fan de klup, dy't útsprútsen hat dat de jeugdoplieding sintraal stean moat. Neffens technysk direkteur Hansma sit it noch yn de oriïntearjende faze. "Het is op dit moment nog te vroeg om te praten over hoeveel velden er komen en hoe het er precies uit komt te zien. Ik ga eerst nog een aantal lokaties bekijken in het buitenland, waaronder Duitsland."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)