Grutte skea dieverij Intership

De lege hal fan de tydlike opslach Intership © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By it bedriuw Intership yn Snits is dizze wike foar 50.000 euro oan boaten en oare wettersportartikelen stellen. It bedriuw dat boaten ferhiert en ferkeapet, hie yn in opslachplak allerhanne nije boaten te stean. Neffens de eigener moat der mei grut materieel wurke wêze by de dieverij. Stellen binne racing-catamarans, rubberboaten en generatoaren.
It bedriuw is net fersekere foar de skea. De resjersje ûndersiket de saak, mar hat noch gjin inkeld oanknopingspunt.
It bedriuw is net fersekere foar de skea fan 'e stellerij, omdat it om in tydlik opslachplak giet en de gemeente dêr gjin fergunning foar ôfjûn hat.