Steatebibel Eastersee nei Rome

16 nov 2012 - 11:14

De Steatebibel fan de tsjerke fan Eastersee giet nei de Friezetsjerke yn Rome. It tsjerkje fan Eastersee giet ticht en no binne der bibels oer. De Friezetsjerke siet omheech omdat se de Steatebibel kwytreitsje soene. Se hiene in eksimplaar fan 'e famylje Van der Laan te lien. Dy wol de bibel nei jierren no werom hawwe.

Geeske Holtrop fan Dolsterhuzen hearde fan 'e saak. Sy soarge derfoar dat de Steatebibel fan har eigen gemeente nei Rome ta giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)