Saak-Heijltjes: nochris 9 tips

16 nov 2012 - 11:05
  • Marijke Heijltjes

Yn 'e moardsaak-Heijltjes binne nochris njoggen tips binnenkaam. Dat is boppe-op de seis nei oanlieding fan de útstjoering Opsporing Verzocht fan tiisdei.

Frou Marijke Heijltjes waard op 12 septimber dea fûn yn har hûs yn Easterwâlde. Neffens de plysje is in tal fan 'e tips brûkber. It giet dan om de syktocht nei fiif persoanen dy't yn 'e wike foar de moard sjoen binne op 'e wei dêr't Heijltjes oan wenne. Oer it ûndersyk nei DNA-spoaren is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)