Sliepende ynbrekker ynrekkene

Alkohol © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht yn Grou in sliepende ynbrekker yn 'e kraach pakt. De man wie yn in restaurant oan 'e Stasjonswei yn sliep fallen neidat er dêr ynbrutsen hie. De plysje wie oproppen omdat twa ruten fan de foardoar fan it restaurant ynslein wiene.
De ynbrekker hie bier en flessen sterke drank yn 'e bûse. De man lei te sliepen achter de baly fan it restaurant doe't de plysje him fûn. De 43-jierrige Ljouwerter sit fêst foar fierder ûndersyk.