Undersyk nei feart troch flat

15 nov 2012 - 21:47

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân lit ûndersykje wat it kostet om in feart ûnder de Potterzijlflat yn Snits troch te graven. Dat plan waard begjin oktober troch de gemeente út de kast helle om út te fieren. Doel is in trochgeand wetter te meitsjen tusken de Woudfeart en Geau. Bewenners fan de flat binne net bliid mei it plan, se binne bang foar skea oan it gebou. De ried wol lykwols al witte oft it helber is om in feart troch de flat streame te litten.

Trefwurden: 
Snits wetter Potterzijlflat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)