Orka Morgan is dôf

Orka Morgan © ANP
De orka Morgan dy't yn 2010 ferswakke yn de Waadsee bedarre, heart neat of sawat neat. Dat hawwe wittenskippers mei help fan nije techniken achterhelle. Se tinke dat syn gehoar slim skansearre of hielendal ferdwûn is. De fersoargers fan it amusemintspark Loro Parque op Tenerife hiene al in fermoeden dat er dôf wie. Yntusken wurdt noch altiten besocht him yn it wyld werom te pleatsen. Ynkoarten docht de rjochter útspraak yn in nije rjochtsaak oer de frijlitting fan de orka.
De aksjefierders dy't Morgan werombringe wolle nei see, beskuldigje de wittenskippers fan bannen mei amusemintsparken as it Dolfinarium en Sea World. Se neame it wol hiel tafallich dat krekt foar de útspraak fan de rjochter bliken docht dat de orka dôf is.