Fleanbasis net yn gefaar

15 nov 2012 - 16:49
  • Medaljes,fleanbasis

Ek al moat fan 2014 ôf alle jierren 250 miljoen euro besunige wurde op definsje, de fleanbasis fan Ljouwert is net yn gefaar. Dat sei de nije minister fan definsje Jeanine Hennis-Plasschaert tongersdei by it útrikken fan goed 100 herinneringsmedaljes oan it personiel fan de basis. De militêren fan Ljouwert sieten fan maaie oant septimber yn Kunduz, yn Afganistan, om de plysjetrainers dêr te beskermjen.

It útrikken fan de medaljes barde mei in soart seremonieel fertoan, yn ien fan de hangaars.

Mei it yn ûnfangst nimmen fan de medalje sit de missy der formeel op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)