Dantumadiel lilk op Hans Konst

Gemeente Dantumadiel is lilk op deputearre Hans Konst. De deputearre soe syn bêst dwaan in diel fan 'e 1,2 miljoen te regeljen foar it sintrumplan fan De Westereen. Dat is Konst net slagge. It petear dat Dantumadiel hjir mei Konst oer ha soe is no ek ôfsein. Dat gie fia in briefke en dat stekt wethâlder Roelof Bos. De gemeente besiket no fia in brief dochs noch in petear mei de deputearre ôf te twingen.