Húsarts:mear tiid foar pasjint

De húsartsen wolle graach mear tiid ha foar de pasjint. Dat is nedich omdat de befolking fergriist en der mear minsken komme mei gronyske syktes. De húsartsen fernimme dat, want in trochsneed pasjint komt faker by de húsarts as in pear jier lyn. In húsarts soe dêrom minder pasjinten hawwe moatte, sadat der foar eltse pasjint mear oandacht is.
Dat stiet yn it rapport Toekomstvisie Huisartsenzorg fan Lanlike Húsartseferiening LHV. Húsarts Bart Maats fan De Gordyk, foarsitter fan LHV-Fryslân, pleitet foar lytsere húsartsepraktiken.
Yn it rapport stiet ek dat húsartsen fleksibeler wurkje moatte. Sa soene der jûns-sprekoeren komme moatte en soe it ek mooglik wurde moatte om on-line kontakt op te nimmen mei de húsdokter. Alle pasjinten soene safolle mooglik ien fêste húsarts en ien fêste ferfanger hawwe moatte, sadat húsarts en pasjint inoar goed kenne. Neffens Maats smyt in húsarts mei mear tiid foar de pasjint ek in besparring op, omdat húsartsen dan mear sels dwaan kinne en minder fluch pasjinten trochstjoere sille nei in spesjalist.